Aginda

D'r binne (noch) gjin nije oankundigings yn 'e kalinder

Nije oanwinsten

    Nijsgjirrich en ekstra omtinken

    Kursus Leauwe yn Fryslân 2023 / 2024

    Yn dizze kursus wurdt reflektearre op de situaasje fan tsjerke en leauwen yn de (histoaryske) kontekst fan Fryslân. Oan de hân fan de besteande teologyske fakken (histoarysk, Bibelsk, systematysk en praktysk) wurdt de kursist troch in ferkenningstocht ynwijd op it mêd fan leauwen en teology yn de Fryske kontekst.

    Lês hjir mear oer dizze kursus

    Foar fragen kinne jo skilje (0517-341859) of e-maile mei Tytsje Hibma (tytsjehibma@gmail.com) of Liuwe Westra (06-30837586).

    (Ofbylding fan it skilderij ‘Buorkerij mei koalsied’ fan Jentsje Popma)

    Bernard Smilde priis 2023

    Der is foar in nije opset keazen foar de Bernard Smilde priis. Foar de priis komme yn oanmerking:

    Persoanen en/of organisaasjes dy’t him/ har der foar ynspand hawwe dat nije, oersette en besteande Fryske kristlike lieten en/of teksten, heard, songen en/of lêzen wurde.

    De priis sil ien kear yn de twa jier útrikt wurde oan in persoan of oan in organisaasje. Sjoch de nijsberjochten foar mear ynformaasje.

    Bibelbylden troch Willem Tjerkstra

    It earste gedicht fan Bibelbylden waard skreaun yn oktober 2012 en gie werom nei it paradys, dêr’t de earste minske syn replyk joech op ’e pracht fan de skepping:  Replyk op it paradys. Dêrnei rûn gedicht nei gedicht op mei de Bibelboeken, mei útsûndering fan in lyts tal fan dy boeken, oant en mei Iepenbiering.

    Lês hjir fierder

    Nije Fryske lietebondel

    foto LLL

    It earste eksimplaar waard oanbean oan de foarsitter fan Stifting Krúspunt Sipke Huismans, en oan ds. David de Jong. De Jong wie redaksjelid en ien fan de meiwurkers, dy’t in hiel grut oandiel hân hat yn it ta stân kommen fan de bondel. Jo kinne dizze bondel bestelle fia Krúspunt.

    Mear ynformaasje

    Útstjoerings Tsjerketsjinsten Fryslân


    Yn 2024 set Omrop Fryslân wer útein mei rjochtstreekse útstjoerings fan tsjerketsjinsten op sneintemoarn om 10.00 oere (werhelling om 12.00 oere). Yn maart sille de tsjinsten fan “Tsjerke fan de Moanne” útstjoerd wurde fan út “de Johannestsjerke” te Top en Twel.

    lees hier het hele persbericht.

    Fryske fespers ek yn 2023 fia livestream

    De Fryske fesper tsjinsten wurde ek yn 2023 útstjoerd fan út de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.

    De útstjoering sil te folgjen wêze fia in livestream http://tiny.cc/jacobijner. Omdat dat ekstra kosten meibringt hat de wurkgroep St. Krúspunt frege om syn rekkennûmer brûke te meien om de ekstra kosten te bestriden.

    Dyjingen dy’t de livestream folgje krije dan de kâns om fia it rekkennûmer NL29 INGB 0004 3194 90 op namme fan Stichting Kruspunt Frysk Oekumenysk Platfoarm harren bydrage oer te skriuwen mei as omskriuwing Fryske Fesper.

    Dielnimmende organisaasjes

    Binne jimme in organisaasje dy’t de Fryske taal of in Fryske streektaal brûkt by kristlik-spirituele en/of tsjerklike aktiviteiten? Slút jim dan oan by Krúspunt. Der binne al in soad organisaasjes dy’t har by Krúspunt oansletten hawwe, lyk as:

    En noch folle mear! Sjoch foar in oersicht de side Dielnimmende organisaasjes. Twifelje net langer en meld jo organisaasje oan!

    Oanmelde by Krúspunt