Bernard Smilde priis 2019

Bernard Smilde priis 2019

Winner Bernard Smilde priis 2019

Cees GCGlashouwer fan Harns hat de Bernard Smilde priis fan 2019 wûn. Hy hie in oersetting fan ‘de lofzang van Maria” yn it Hylpers ynstjoerd. It tema foar 2019 wie “mienskip”.

klik hjir foar it winnende liet CIMG2858

lês hjir It sjueryrapport

lês hjir it ferslach fan de dei

Betingsten Bernard Smilde Priis 2019

De Stifting Krúspunt ropt alle dichters yn Fryslân wer op om in tekst yn te stjoeren foar de Bernard Smilde Priis 2019.
Mei de Bernard Smilde Priis wol Krúspunt stimulearje, dat der nije tsjerkelieten yn it Frysk of ien fan ’e Fryske streektalen ûntsteane. De priis is foar orizjinele lietteksten en foar oersettings fan lietteksten út in oare taal wei.

Dit jier wurdt in liet frege oer of nei oanlieding fan it tema ‘mienskip’. De uterste ynstjoerdatum is 16 maart 2019;  de priis sil útrikt wurde op de Krúspuntdei fan 13 april 2019.In tekst moat foar 16 maart 2019  ynstjoerd wurde op it folgjende adres:

bsp@kruspunt.nl

De sjuery bestiet dit jier út Adri Terlouw, David de Jong en Syds Wiersma.
De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op mesyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt.

De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.

It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien

De folsleine regleminten steane hjir.

Foar fragen of opmerkings kin ûndersteande oanskreaun of skille wurde.

Liuwe H. Westra
liuwe.westra@mensa.nl
0517-469245 / 06-30837586