Fryske fesper op 23 juny 2024

Fryske fesper op 23 juny 2024

Op snein 23 juny 2024 wurdt al wer de lêste Fryske fesperfiering fan dit seizoen holden yn de Grutte of Jacobiner tsjerke yn it sintrum fan Ljouwert. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner. Yn septimber begjinne wy wer mei it nije seizoen 2024/2025.

Foargonger yn de juny-fiering is ds. J. Wielenga en Tryntsje van der Veer nimt de psalmlêzing en de foardracht op har. De muzikale bydrage komt diskear, neist de begelieding fan de gemeentesang troch oargelist Peter van der Zwaag, fan fluitiste Saskia Westerik en har begelieder Geart van der Heide.
Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner as troch de digitale ferzje fan de tsjinst.

Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!